5 hynders fersûpt,noch 100 fêst, 01/11/2006
Bûtendyks by Marrum binne troch de
stoarm fyftjin hynders ferdronken. Sy
stiene op in ferheging wylst de rest fan it
lân ûnderstrûpt is. Op dit stuit binne
noch sa'n 100 hynders troch wetter
ynsletten.
Yntusken binne 20 lytse hynders mei boaten yn feilichheid brocht. It leger wurdt ynset om te helpen by it rêden fan de oaren. Der is besletten de hynders noch woansdeitejûn yn feilichheid te bringen om't men oars bang is dat der noch mear dea gean.